Lioessens Bekijk website
Lioessens

Efkes ADVENDO oan it jaske l

Efkes ADVENDO oan it jaske lûke. Wat bart it dochs faak: in tsjerketsjinst begeliede, in serenade bringe by jubilarissen, de optocht foarsjen fan muzyk. En wat is earste krystdei sûnder ADVENDO? Wy wurde faak figuerlik even oan ús jaske lutsen, en frege om oan soksoarte fan aksjes ús meiwurking te jaan. En dat dogge wy graach. Mar om no letterlik ADVENDO oan it jaske te lûken, sil net gean. Dêr ûntbrekt it ús nammentlik noch oan, dat jaske. En wat soenen wy se graach oanskaffe wolle, sadat wy mei minder waar ek kreas yn tenue troch Moarre en Ljussens gean kinne. Mei ús 110-jarig jubileum yn novimber, soe it fansels in prachtich kado weze foar ADVENDO!!!

Blijf op de hoogte van alle nieuwtjes en projecten.

Schrijf je in op de nieuwsbrief.

Like ons op facebook